De klopgeast

De haadpersoanen, twa susters. De âldste is bazich en energyk. De jongste is sêfter fan aard en docht altyd wat har âldere suster seit. Se wenje yn in hierhûs op de boppeferdjipping, mar wolle graach nei de ûnderferdjipping, omdat dat wat grutter is. De hierbaas wurket net mei en de susters besykje mei klopjen de ûnderbewenners der út te krijen. Se slaan en bûnzje mei dikke boeken op'e tafel en dogge dat mei de regelmaat fan de klok. In ynwenjende neef hat ferkearing mei de dochter fan de ûnderbewenners en kriget it spul fan de tantes troch. Hy soarget foar noch mear bûnzjen nammentlik fan ûnderen nei boppen en betinkt der de spannendste ferhalen by. De susters witte it no hielendal net mear. Nei in soad gedoch beslute de susters op de boppeferdjipping wenjen te bliuwen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LOOP, M.
Titel: De klopgeast
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1998
Te keap: 1
Oersetter: Jorna, Siep
Oarspr. Titel: De klopgeest
Ynfierdatum: 1999-04-14
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3