De krekte kanalen
Dit stik spilet yn in kantoarromte dy't in soarte fan 'foarportaal' fan it Hjirneimiels foarstelt. Elk dy't hjir as nije 'deade' binnenkomt, moat, ear't hy of sy fierder mei, troch de krekte kanalen. Se moatte by in pear droege en strange boekhâlders in grut tal formulieren ynfulle.... As it frommiske (slachtoffer fan in auto-ûngelok) as nije 'klant' binnenkomt, hat dy yn har amtlik en bestjoerlik wurk al sa faak minsken stjoerd en manipuleard, dat se de boekhâlders fan 'e sokken praat en sels it heft yn hannen kriget! In nuveraardich tema mar mei oannimlike figueren en flot fan taal. Dizze ienakter kin sjoen wurde as in skerpe satire op it amtlik funksjonearen fan in burokratyske maatskippij-oant-yn-de-dea!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRITTNEY, Lynn |
Titel: | De krekte kanalen |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1997 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Visser-Popma, J.P. |
Oarspr. Titel: | Properly processes (De juiste kanalen, Han Steemers) |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 2 |