De lêste reis fan Bearend Bolderbast
Yn dit stik giet it oer it komplot fan Jildwolf, de minister fan Kening Durk III, tsjin de kening, om de macht oer it lân yn hannen te krijen. Jildwolf hat in fetsje mei fergif stellen en lit dat troch syn feint Hantlanger yn'e see leegje. Alle fisk dy't dêr yn swimt, sil dan fergiftige wêze en de kening, dy't dy deis fisk ite sil, sil stjerre. It komt lykwols net safier dat Jildwolf dan de macht oernimme kin, want Doutsen, de keukenfaam, fernimt krekt op tiid dat de fisk ferjûn is. It slagget Bearend Bolderbast dan ek noch om it jild út de skatkiste, dat Jildwolf meinommen hie, wer yn feilichheid te bringen, dat kening Durk de Tredde is út'e soargen wei en hoecht net mear in minister fan finansjele swierrichheden mear. It stik beslacht oan tiid in hiele jûn - it skoft meirekkene - en it is ornearre foar de bern fan de heechste klassen. Mar it lient der him ek tige foar, troch folwoechsenen foar de bern spylje te litten.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | RILLEMA, Jacob |
Titel: | De lêste reis fan Bearend Bolderbast |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 198? |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Stienstra, J. |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1999-04-19 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 0 |
Tal manlju: | 0 |