De lêste snie fan de winter

Troch in atoomoarloch binne der op ierde mar inkelde minsken mear oer. Harren earste ferlet is om yn libben te bliuwen. It stik bringt ús yn 'e kunde mei trije manlju dy't de ramp tafallich oerlibbe hawwe. Se binne alhiel op mekoar oanwiisd en as der ien fan in útstapke yn de fernielde wrâld, net werom komt, reitsje de beide oaren hast yn panyk. Se tinke dat er earne in frou fûn hat en dat er dy foar him sels hâlde wol. As der in frou by harren komt dy't de ramp ek oerlibbe hat, begjinne de manlju om har te tsieren. Dêr docht út bliken dat de minske, ek nei de ramp, noch neat leard hat en dat de wrâld, as er bewenber bliuwt deselde wêze sil as foar dy tiid: In wrâld fan hawwen en krijen!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SEIJEN, Ad van
Titel: De lêste snie fan de winter
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-12-04
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3