De Lutrine yn ’t swart
Gerben Mulder, in âld skipper, hat syn suster en trije omkesizzers op syn skip noege om harren te fertellen hoe't er syn erfskip ferparte ha wol as er wei komt te reitsjen. Hy lit elk fan harren in kaike útsykje dat past op in laadsje fan syn buroke. Elk mei it him/har tawiisd laadsje net earder iepenmeitsje as dat Gerben ferstoarn is. Hja lizze mei it skip op it waad en as omke út 'e roef is en net gau werom komt, fine hja syn skuon, mei in briefke deryn, yn 'e waring. Hja meitsje der út op dat omke oer board rekke is en ferdronken. No wurde de laaadsjes iependien en allegearre fine se dêr in brief yn mei it boadskip dat it erfskip bestiet út: it skip mei alles wat omke yn 'e rin fan 'e jierren opgarre en ûnderyn opburgen hat oan goud, al is it dan swart. Nei lang en drok beried beslute se om it skip publyk te ferkeapjen en de opbringst ûnder inoar te ferpartsjen. Op 'e dêrnei hâlden feiling biede se wakker tsjin inoar op, omdat elk smucht hat op 'e ferburgen skat. Ien fan de omkesizzers kriget it op 't lêst foar fjouwer ton. It publyk hat der tsjûge fan west dat omke (sa libben as in hart!) út in skûlherne wei alle aksje dy't der west hat, mei stille wille folge.... Wylst de "erven", mei notaris derby, besykje, út inoar te kommen, komt omke libbensliif foar 't ljocht...... By eintsjebeslút docht bliken dat it 'swarte goud' neat oars is as de brûkte oalje dy't omke al tiden opgarre en in plak ûnder yn 't skip jûn hie.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HAGER, Jan |
Titel: | De Lutrine yn 't swart |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-12-12 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 5 |