De magyske fluit

Yn it bosk wenje twa groepen: de Klassikers en de Rockers. De beide groepen kinne inoar net útstean. De skok is grut as bliken docht dat sy gearwurkje moatte om har bosk te rêden. Want hoe komt it dat de reinbôge-elfkes net mear komme? En wêrom geane alle blommen en planten dea? De domme Trombo en prinses Medij wurde op ferkenning stjoerd. Prins Ritmo giet al gau mei har mei. Mar sy wurde folge troch de kweade boskfekke Amoezieka, dy 't mei it duveltsje Valsini alderlei gemeine trúks betinkt om it trijetal tsjin te hâlden. Gjin plan is har te mâl. Lokkich krije Trombo, prinses Meldij en prins Ritmo ûnferwachte help en docht bliken dat de fluit fan Meldij hiel magysk is. It tema muzyk, de tsjinstelling tusken klassyk en rock en de eleminten loft, wetter en fjoer biede de regisseur en de spilers boppedat in ferskaat oan kreative mooglikheden.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): EVERS, Lilian en André Bimbergen (muzyk)
Titel: De magyske fluit
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2004
Te keap: ja
Oersetter: Hoekstra, Tineke
Oarspr. Titel: De magische fluit
Ynfierdatum: 2005-12-28
Dekor: ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 10