De man dy’t himsels tekoart die

Haadpersoan is in ienfâldige arbeider sûnder wurk, Semjon, dy't it slim fynt dat syn frou him ûnderhâlde moat èn dat skoanmem ek noch by harren ynwenje moat. De ûnfrede fan Semjon liedt ta rûzjes en ta it misferstân dat hy der in ein oan meitsje wol. Hy lit harren yn 't earstoan yn dy waan en as der allegearre frjemde figueren op besite komme dy't sa'n selsmoard foar har eigen doelen brûke wolle, begjint Semjon him stadichoan in held te fielen. Der wurdt in ôfskiedsmiel oanrjochte, mar as it der op oan komt, giet Semjon der foar omlizzen. Dat doart er net te sizzen tsjin de lju oan wa't hy syn 'heldendied' opdroegen hie. Oant flak foar de begraffenis nimt er him foar om syn belofte nei te kommen... Pas op it tsjerkhôf springt er út 'e kiste en bekent dat er him net foar oaren opofferje wol mar libje! In kluchtige komeedzje mei in swart rântsje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ERDMAN, Nikolai
Titel: De man dy't himsels tekoart die
Skreaun yn: 1928
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter: Boer, Sytske de
Oarspr. Titel: De zelfmoordenaar
Ynfierdatum: 1998-04-14
Dekor: keale wenkeamer, restaurant, tsjerkehôf
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5