De man fan goede wurken

Walter Schladen hat it mooglik makke dat der mei syn finansjele bydrage in nije skouboarch yn syn gemeente boud wurde koe, en oan 't begjin fan 't stik komme de amtners dan ek om him alle eare en lof ta te swaaien. Mar fuort dêrnei komt de plysje om te freegjen oft Walter in sekere Helga Schmidt ken, dy 't fermist wurdt; beide binne fan Dútske komôf. Walter syn earste frou is 11 jier lyn weirekke en hy is doe mei syn dochter Marianne nei Nederlân gong en hjir wer troud mei Heleen. De freon fan Marianne, Hans, komt ek út Dútslân en hy blykt mear te witten oer Walter syn ferline en boppedat koed er Helga... Hy wurdt dan ek as earste fertocht fan har ferdwinen, mar dan seit Marianne dat sy Helga fermoarde hat, omdat se jaloers wie op 'e relaasje tusken Hans en Helga. Mar Hans syn echte ferloofde is Rita, de tsjinstfaam, en dy helpt him om oan 't ljocht te bringen dat Walter in roettsjuster ferline hat en dat er ek yn de tsjintwurdige tiid net echt de man fan goede wurken is, dêr't er graach foar trochgean wol. In aardich stik mei koarte dialoogjes en ferrassende windingen, dêr't mei in goede rezjy flink wat spanning yn brocht wurde kin.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): POOLS, Lode
Titel: De man fan goede wurken
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter: Visser-Popma, J.P.
Oarspr. Titel: De weldoener
Ynfierdatum: 1998-04-14
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3