De mysterieuze psychiater

Beppe Wilma skriuwt boeken. Detektiveboeken. Omdat yn har nije boek in psychiater mei in trauma foarkomt, freget se har beppesizzer, dy’t sekretaresse by in psychiater is, om in rapport om mear te witten te kommen. Mar beppe is ek alle dagen mei har freondinnen oan it breidzjen foar de bern fan flechtlingen. As se wer byinoar komme, sjogge de freondinnen it rapport en tinke se dat it oer Wilma giet. Se wolle har op alle manieren helpe om har trauma te boppe te kommen en ien fan de freondinnen sil sels har neef, dy’t psychiater is, in kear meinimme om beppe anonym te observearjen. Beppe fynt it mar frjemd dat elk ynienen sa besoarge is om har en se freget har beppesizzer om es in kear mei har baas, de psychiater, te kommen en de freondinnen anonym te observearjen. De beide psychiaters komme op itselde momint, se witte fan inoar net wat se binne. Der ûntsteane dan fansels hilaryske tastannen, mar de konklúzje fan de psychiaters is itselde: noch beppe noch de freondinnen ha in trauma, mar se ha wol serieuze twivels oer elkoars geastestastân en riede in behanneling oan.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): RENAERTS HUGO
Titel: De mysterieuze psychiater
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2018
Te keap: ja
Oersetter: Tineke Hoekstra
Oarspr. Titel: De sinistere psychiater
Ynfierdatum: 2018-06-03
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 2