De nije boppemaster
De boppemaster giet fuort en hjoed sille de bern yn'e kunde komme mei de nije kandidaten. Se sille mei-inoar in kar meitsje. - Master Stokje. In âld soldaat. Hy stiet tige op syn strepen. Hy sil de etterkes wol efkes temme. De bern nimme him te fiter: geef acht, en Stokje springt yn'e hâlding. Ingerukt mars, en Stokje rint de klas út. - Master Watje. De namme seit it al: in sêftenien. - Juf von Frúger. Dizze hantearret de âlde lêswize: yn'e hoeke, aap noot, mies, ensfh. - De moderne Juf ("sis mar Erna"). Se begjint fuort mei ierdrykskunde. Se freget de bern "hoe komst yn Kuba". Bern: "oer de Krúswetters nei Earnewâld en der ôfslaan". Juf fielt dat de bern har te fiter ha en set ôf. - Master Digi. Dy't oars net lesjaan wol as mei de kompjûter. Mar ja dizze skoalle hat mar 2 kompjûters. Dan ferskynt in gewoane flotte master. Dit is de nije, hy hat sin oan syn wurk en it liket de bern skoan ta. In tal bern hawwe tekst en fierder sjonge mei-elkoar tapslike ferskes.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | NAUTA, Dooitze |
Titel: | De nije boppemaster |
Skreaun yn: | 1999 |
Utjoen yn: | 2000 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2001-04-26 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |