De nije cowboys

Boer Hudson wennet mei frou en bern poer op'e romte yn it "Wilde Westen". Syn soannen komme thús mei in pear yndianen, dy't ferwûne rekke binne doe't feedieven op harren skeaten. Se wurde fersoarge en binne tige tankber. Hudson kin der wol wat folk by brûke en hiert in pear cowboys yn, dy't sabeare tafallich op besite komme. As der jild fan in reizgjend keapman weirekket wurdt earst it tsjinstfamke der op oansjoan. De cowboys binne hjir lykwols mandiedich oan, want dat binne deselde lju as de feedieven, dêr't de yndianen mei yn'e slach rekken. De smjunten ha noch folle mear kwea yn't sin, mar mei help fan de yndianen en de plysje wurdt dêr in skoatteltsje foar strutsen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): JONG, P. de
Titel: De nije cowboys
Skreaun yn: 1987
Utjoen yn: 1987
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-16
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 16