De nije dominy
Dominy van Dam is koartlyn op in doarp beneamd. Hy is net troud en wennet mei syn mem. De âldfaam Jildo hat in eachje op him en dominy hat lijen om har wat op ôfstân te hâlden. Op in jûn, as dominy de jongfeint Frâns ûnderstiet oer syn skuld oan de dea fan Anke, dy't in bern fan him ferwachte, heart Frâns ien by de doar en dan slacht er dêr yn'e keamer alles koart en klien, wylst er lûd om help begjint te roppen. Frâns lit it dan tsjin Jildo - want dy stie op'e hark - foarkomme dat dominy him oantaaste woe. Sa komme der troch de skuldige Frâns en de ôfwiisde Jildo smoarge praatsjes oer de buorren, dêr't in lid fan de tsjerkerie it ear nei hingje lit. It kwea fret troch: dominy syn auto wurdt skansearre en der wurde stiennen by him troch de ruten goaid, dat dominy rekket slim yn'e lytse loege. Op in jûn kriget er in telefoantsje dêr't er út opmakket dat Jildo om help freget. As hy dêr komt docht bliken, dat Frâns Jildo sa ûnder druk set hat, dat se him mei in skjirre te liif soe, mar dat se dêrby sels ferwûne rekke. Dominy lit fuortdalik it tsjerkeriedslid komme en sa wurdt er fan alle blaam suvere. It hiele gefal hat him lykwols sa slim oangrypt, dat er ta de konklúzje komt dat er net geskikt is foar syn amt. Net ien hat him leaud.... hy kin net ferjaan. Syn mem, dy't ûntsjerklik is, besiket him it paad te wizen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KING, Philip |
Titel: | De nije dominy |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Beintema, Tabe |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-05-28 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |