De nije wente

Otto Haverkot keapet yn syn bertedoarp in tsjerke mei pleats en arbeiderswente en pastorij. Hy sil dêr mei syn frou Marre (ofsier fan justysje) en dochter Marije (puber) wenje. Boer Vellinga mei frou en dochter Hanne wolle net fan 'e pleats. Yn de arbeiderswente wennet Akke Dykstra, sjoernaliste en (eks) freondinne fan Marre. Der binne yn it ferline dingen bard dy 't soarge ha dat de freonskip hate waard. Boppedat hat Otto net altyd like korrekt hannele. It dossier komt op 'e tafel fan Marre. Troch ien en oar en troch Hanne mei har bolle giet de hiele ferhuzerij net troch. Der binne ek noch Joukje fan it "ien-frous" skjinmakbedriuw en organist Manus en fansels de broer fan Marre, Eeuwe dy 't op skobberdebonk libbet fan 't jild fan Otto. Hy wist fan syn minne praktiken.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: De nije wente
Skreaun yn: 2005
Utjoen yn: 2005
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2005-12-28
Dekor: âld - tsjerke
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4