De oefenromte

De popgroep "Willow" oefenet wyks in pear kear yn in âld pân, dat se mei eigen hannen en jild opknapt ha. De buertbewenners ha net in soad mei sokke herryskoppers op en skriuwe in brief oan'e wethâlder, dêr't se yn stelle, dat as hy gjin stappen ûndernimt om dy punkers it spyljen te ferbieden, sy sels it rjocht yn eigen hân nimme. In amtner sjocht de boel ris troch't gat en kin him amper de agresje fan de bewenners yntinke. Dochs beslút de wethâlder yn syn "koartsichtige wiisheid": tichtspikerje de boel en op koarte termyn slope.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BOOMSMA, Joop
Titel: De oefenromte
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-05-12
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2