De parse
Yn in tichthús hat in froulike sipier it tafersjoch oer twa ôfdielingen: in manlju's ôfdieling, dêr 't Jan en Sake in feilich plakje njonken elkoar hawwe en in froulju's ôfdieling, dêr 't Aagje en Lysbet fêstsitte. Mei moaie praatsjes wit Aagje by de sipier hiel wat te berikken, it slagget har sels om de kaaien fan harren "apparteminten" te krijen en kontakt te sykjen mei niisneamde manlju. Hja stelle mei harren fjouweren in plan op, om de frijheid werom te krijen. De froulju witte it personiel fan it tichthús der fan te oertsjûgjen dat hja dy beide manlju allang koene, mear noch, hja hiene sels al trouplannen. Dy plannen wolle hja no trochsette en wrichtich, hja krije it personiel op harren hân. As de trouwerij achter de rêch is, moat dat fansels bedronken wurde. Aagje sjocht kâns om yn it frisdrinken fan it personiel en de plysje sterke drank te dwaan, sadat, fansels bûten de fjouwer smychten, elkenien dronken wurdt. No kinne hja de frijheid yn 'e mjitte. Dan ynienen, begjinne flitsljochten it tichthús yn 't ljocht te setten. Hoe sil dit beteare?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KARSTEN, Hotze |
Titel: | De parse |
Skreaun yn: | 1987 |
Utjoen yn: | 1988 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-18 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |