De rjochter en de linker

Sim Sanders, bynamme Linker, brekt yn by rjochter Esther Smulders. Wylst er dêr mei dwaande is, komt de rjochter thús, beselskippe fan plysje-kommissaris Persein. Sim siket in hinnekommen achter de oergerdinen en sadwaande is er tsjûge fan de net-winske yntimiteiten fan de kommissaris foar de rjochter oer. Sim komt har te help en slacht de kommissaris bûten westen, mar dan? Gelokkich dat der dan in plysje oanbellet dy't seit dat sy in ynbrekker ynrekkenje moat. It is lykwols Linker syn dochter en ûnderling ha se ôfpraat dat op dizze wize Linker altyd bûten skot bliuwt. Mar no bringt se de kommissaris thús, yn stee fan dat se har heit 'op pakt'... dy kin it yntusken aardich pratende hâlde mei de rjochter. Der moat in plan betocht wurde om de kommissaris lyts man te meitsjen en mei help fan de wurkster wurdt in falle útset en dy slacht goed ticht!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DAVIDS, Ton
Titel: De rjochter en de linker
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1997
Te keap: 1
Oersetter: Sevenster, Simy
Oarspr. Titel: De rechter en de linker
Ynfierdatum: 1998-06-05
Dekor: 1 (1 manske poppe)
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3