De sigaar

David en Amy binne op twadde houliksreis. Se treffe Linda en Robert. David leit it oan mei Linda en hat net troch dat syn frou al rillegau de boel yn'e gaten hat. Se set har man geregeld foar't blok troch alderhande ferhalen te betinken. Se is hiel gehaaid. Robert hat fan de affaire neat troch mar docht syn beklach by David. Hy fertelt dat hy it fermoeden hat dat syn frou in frijer hat, en mocht er der efter komme wa't dat is, hy dy persoan omraak geweken nimme sil. Faaks kin David in bytsje om Linda tinke! Fansels rinne Linda en David tsjin de lampe en it liket der dan ek op dat it fjochtsjen wurd. Dan docht bliken dat David in grutte bangeskiter is. As Amy him letterlik en figuerlik hielendal útklaaid hat lit se him oan syn lot oer. Linda treft him alhiel feralterearre oan en sjocht yn dat se oan dizze man neat hat. Se lit him yn syn sop gearsiede en dat wie no krekt wat Amy graach woe. David hat syn les leard en sjocht no wol yn dat er sûnder Amy neat is.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CHAPPELL, Eric en Jean Warr
Titel: De sigaar
Skreaun yn: 199?
Utjoen yn: 2002
Te keap: 1
Oersetter: Veen, P. van der
Oarspr. Titel: Duty free
Ynfierdatum: 2002-05-22
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3