De skriuwer foar it doarpsbelang

Gerben Turkstra, in jonge boekhâlder, hat him troch de foarsitter fan it Doarpsbelang oerhelje litten ien fan syn ferhalen op 'e gearkomste foar te lêzen. Hy freget de oanwêzigen him harren krityk net te sparjen. As er in stikje lêzen hat en it hear ris oersjocht, spat ien fan 'e oanwêzigen oerein en protestearret, om't er mient, dat er in stek ûnder wetter krige hat fan 'e skriuwer. Dat is foar de oaren de oanlieding om mei in fûle diskusje útein te setten, dêr't efterinoar beswier makke wurdt tsjin likernôch alles dat Turkstra skreaun hat. Om't de foarsitter him oertsjûgje lit fan de krektens fan elk fan de nei foaren brochte beswieren, is de skriuwer sa goed net of skras passaazje nei passaazje. Fan it hiele ferhaal bliuwt oars neat oer as: 'ik de buorren út'.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): RIEMERSMA, Trinus
Titel: De skriuwer foar it doarpsbelang
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-10
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4