De Sniekeninginne

Lang lyn hat in trol in toverspegel makke. In spegel wêryn’t alles der ferdraaid en ferfoarme útsjocht. Op reis nei de himel falt de spegel yn tûzen stikjes op de wrâld. Ien splinter komt yn Kay syn each en hert. Kay, in hiel aardige jonge, wurdt gemien en rint fuort, nei de kwea-aardige Sniekeninginne. De keninginne nimt him mei nei har iispaleis, dêr’t Kay opdrachten foar har útfiere moat. Elkenien tinkt dat Kay dea is, mar Gerda, syn bêste freondinne, leaut dat net. Se is tige fertrietlik en wol Kay weromfine. Se giet op reis, op ’e siik nei Kay. Underweis belibbet se ferskate aventoeren en gefaren, mar makket ek nije freonen. Uteinlik fynt se Kay op de Noardpoal. Gerda is o sa bliid! Mar Kay syn hert is iiskâld. Hy wol neat fan Gerda witte. Troch Gerda har waarme triennen ûntteit it beferzen hert fan Kay en fine se elkoar werom.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CNOSSEN, Aly
Titel: De Sniekeninginne
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2017
Te keap: ja
Oersetter: nvt
Oarspr. Titel: nvt
Ynfierdatum: 2017-11-15
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0