De spoektrein

Op in lyts stasjon hâldt in trein stil en alle passagiers moatte útstappe. Der komme twa pearkes út en in man-allinne. It is tsjuster en needwaar. De stasjonssjef seit dat se dêr de nacht net trochbringe kinne. Mar wêr moatte se hinne? It neiste ûnderkommen leit dêr oardeloere ôf. Dyselde sjef fertelt harren fan in trein, dy't dêr tsien jier lyn ferûngelokke is en dat dêr seis minsken by omkommen binne. Sûnt dy tiid spoeket it dêre, seit er. Al dy ferhalen en it minne waar roppe in benearjende sfear op en de spanning wint troch allerhande oarsaken, mar foaral omdat op in stuit der dochs in trein lâns komt. As de spanning op it heechst is, grypt de man 'allinne' yn en komme der plysjes opdaagjen dy't in smokkelersbinde ynrekkenje. De stasjonssjef is ien fan harren...

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): RIDLEY, Arnold
Titel: De spoektrein
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1984
Te keap: 0
Oersetter: Tuinman, Anne
Oarspr. Titel: The ghost train
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 8