De steat betellet

Herman is mei syn frou Greet en soan Kees by beppe ynwenjen gien. Dit past him tige goed en it is moai foardielich. Greet hat in poetsmany; se docht oars neat as poetse en himmelje. Kees is in goede jonge mei ien probleem: hy hat trije ferskillende persoanlikheden yn him. Bianca, de travestyt; Billy, de poppe; en Dirk, in ferfelende puber. Dat Kees sa is komt Herman goed út, want Kees kin no moai trije kear jild by de sjosjale tsjinst helje. As Kees op in dei thús komt en fertelt dat hy as frou fierder troch it libben wol en dat er pillen by him hat, wêr't er boarsten fan krije sil - dan reitsje se allegear yn panyk. Beppe in goed minske, dy't allang har nocht hat fan Herman syn kluchten, docht alle war om Herman oan't wurk te krijen. As se fan Kees syn plannen heart, hat se mar ien gedachte, dit mei net. Se soarget dat Kees oare pillen krijt. Kees rekket yn it sikehûs. As soan Jan nei 12 jier samar wer op'e stoepe stiet, begjinne de problemen. Jan is destiids fuortrekke om stellerij, it is in earsten boef. Hy fertelt dat er in filla hat en smoarryk is. Syn freondinne Myra in Súdafrikaanse, kin der ek wat fan, se seit dat se by de 'gegoede klasse" heard. Arnie dy't him foardocht as de man fan de ûngediertebestriding blykt in stille plysje te wêzen. Hy wurket tegearre mei de sosjaal wurkster, juffer fan Fet, om dizze húshâlding ris goed troch te ljochtsjen. De sosjale tsjinst hat de oplichterij fan Herman troch, mar moat bewizen ha. Troch alderhande misbegripen komt Arnie der efter dat net allinne Herman mar ek Jan en Myra net skjin op'e hûd binne. Jan sit te wachtsjen op de sinten fan Myra har heit, mar hy is net bekend mei it feit dat dizze man after de traaljes sit foar diamantsmokkelderij. De Súsafrikaanse mafia sit efter Myra oan, want sy smokkelt no de diamanten. Se witte har te finen. Dan komme Arnie en fan Fet yn aksje. Sy soargje derfoar dat Jan, Myra en Herman nei it plysjeburo ôffierd wurde. As Dirk de hân yn'e bûse fan syn trainingspak stekt fynt er in pûdsje diamanten. Dy hat Myra der yn stoppe. Arnie "seit" dat er de diamanten meinimt nei it buro, mar of dat wier is?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): GRIJS, Ineke de
Titel: De steat betellet
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 2001
Te keap: 1
Oersetter: Krist, A.
Oarspr. Titel: De staat betaalt
Ynfierdatum: 2002-05-13
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4