De stellene baarch
De earnige notaris Plom hat in baarch slachtsje litten en sit dermei, dat syn ferstoarne frou eartiids wend wie spek oan earme minsken te jaan. Hy freget de slachter om rie, hoe't er dêr ûnderút komme kin. Dy syn rie: "Jo moatte rûnstruie, dat de baarch stellen is". falt der goed yn. De oare moarns - de nachts hawwe soantsjes fan de slachter de baarch út notaris syn kelder helle! - is notaris alhiel oerstjoer. Hy giet nei de plysje, dy't komt om de slachter op te pakken. De jonges lizze dan stikem de baarch wer te plak, dat as de plysjeman mei de slachter en de notaris yn'e kelder komme leit it bist dêr wer, as hie er der noait wei west. De plysje sil no notaris arrestearje fanwegen in falske beskuldiging. De slachter seit lykwols, dat er gjin oanklacht yntsjinje sil, as notaris ferskillende dingen taseit, ûnder oaren dat de baarch ûnder earme minsken ferdield wurde sil. Om't de man goed yn'e lytse loege sit, wol er wol om lyk, dat alles komt ynoarder.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JAARSMA, Dam |
Titel: | De stellene baarch |
Skreaun yn: | 197? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-16 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |