De swalker út ‘e States
Mem Hedwich hinget de deftige mefrou út en wol regel en oarder yn 'e húshâlding. Se kriget lykwols gjin grip op har bern. Sicco, de soan, is in frouljusgek en dat hat fan gefolgen dat gjin inkele tsjinstfaam feilich is foar him. De dochter, Frouk, wol oan it toaniel en dat liket mem hielendal op fleanen. Heit Eldert bemuoit him der net mear mei, of it moat wêze dat er it mei de bern hâldt; de skiteldeftige Hedwich kin er min mei oerwei. Har suster út Amearika skriuwt har in Ingelske brief dêr't se yn freget oft har soan ek in skoftsje by harren yn Fryslân útfanhûzje kin. Hedwich moat wol tajaan dat se dy brief net lêze kin en dêrom freget se de faam, Maaike, om him foar har te fertalen. Dêrmei begjinne de swierrichheden pas goed, want Maaike fertaalt 'bachelor' as swalker, skoaier, en hoe soe sa'n tantesizzer no passe yn Hedwich har fermidden?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JONES, Corne |
Titel: | De swalker út 'e States |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Kielstra, F. |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-04-14 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |