De swalker
Troch de ekonomyske delgong giet it mei it timmerfabryk fan Jelte fan Dyk net mear sa floarissant. Yn dy snuorje komt syn broer Karel, dy't lange jierren yn Amearika ferkeard hat, by harren útfanhûs. No hat Karel eartiids ferkearing hân mei Jelte syn frou Anny, dat botte wolkom is de eardere emigrant dêr no just net. Boppedat leaut Jelte dat syn broer út klearebare earmoede werom kommen is. By einbeslút docht bliken dat Karel yn 'e koarte tiid fan syn ferbliuw dêrjinsen hiel wat út 'e wei set hat. Hy hat soarge dat syn omkesizzer Ate it mei Hylkje, de faam dêr by syn broer, iens wurdt, hy hat de âlderein fan it doarp in biljert beskikt foar de soas, hy hat syn broer it fallyt besparre troch de bank by te springen, sadat dy wer kredyt jaan wol en - last but not least - hy is sa goed by Klas, in freondinne fan Anny, yn 'e smaak fallen, dat dy mei him nei Amearika giet.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ZWART, Jelle |
Titel: | De swalker |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 1984 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |