De tizeboel fan omke Roel

Omke Roel, dy't grut boer wie, is ferstoarn. Salang't it erfskip noch net ferparte is, komt Jelmer Roersma, de bedriuwslieder, mei syn trije bern op 'e pleats te wenjen. Syn styfdochter Jits docht de húshâlding, de oare beide bern leare noch. Op 'e dei dat de notaris it testamint iepenje sil, komme der twa omkesizzers fan omke Roel del. Se tinke dat der foar harren gâns wat te heljen falt. Dan docht bliken dat omke noch in dochter hat. Fansels kriget de dochter de pleats en it fee taparte, wylst oer in healjier út 'e doeken dien wurde sil wa't it lân en it jild krije sil. Dan moat lykwols oan ferskate betingsten foldien wurde. It lit him tinke dat dit al mei al in soad oergeunst en misbegryp meibringt. Hawar, it soe net in blijspul wêze, as alles oan 'e ein net goed kaam.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): MARK, Anne van der
Titel: De tizeboel fan omke Roel
Skreaun yn: 1985
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-12-04
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 6