De Tredde helte

De Ljouwerter PvdA-wethâlder Kees krijt fan syn partijgenoaten te hearren dat er nei de ferkiezingen net werom komme kin. De partij hat ferlet fan farsk bloed. Hy makket in goede kâns om boargemaster fan It Bildt te wurden, mar der binne twivels oer syn affiniteit mei it plattelân. As se him op syn bertedoarp De Ryp freegje om by it 75-jierrige jubileum fan de fuotbalferiening in stânbyld te ûntbleatsjen, is dat syn kâns om foar it each fan Omrop Fryslân - foar it programma ' De reuny' - te bewizen dat er in jonge fan it plattelân is. Foarôfgeand oan it jubileum moetsje Kees en syn frou An - ek in âld-Rypster - fjouwer leeftydsgenoaten op in reuny. Mei de trije jonges siet Kees krapoan fjirtich jier earder yn it tige suksesfolle C-alvetal.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): VRIES, Sietse de
Titel: De Tredde helte
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2010
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2010-02-24
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 4