De trije breiden

Trije froulju moetsje inoar yn de wachtromte fan in krematorium, wêr 't Wander de Vries kremeare wurde sil. Hy is al in jier fermist en syn lyk is fûn yn it fan Harinxmakanaal. It is dúdlik dat er fermoarde is foardat er yn it wetter telâne kaam. Mei de iene wie Wander troud, de oare rekke troch him yn de finzenis en fan de tredde naam er it measte jild mei. Alle trije ha wol in motyf om him te fermoardzjen. Al pratende wei wurdt dúdlik dat alle trije froulju Wander moete ha op syn lêste dei. Wa 't it dien hat sil nea bekend wurde en as de trije breiden fan Wander nimme se ôfskie fan him, sûnder ek mar ien trien te litten.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HIJMA, J.J.
Titel: De trije breiden
Skreaun yn: 2003
Utjoen yn: 2004
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2004-12-30
Dekor: iendekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 0