De trijekaart op ‘e kofje

Tema: In man wol wolris 'los fan 't wiif' út 'e bân springe, mar moat dan wolris in earlik ferlechje betinke. Notaris Peetsma wurdt troch syn beide freonen, Koert Holwerda en Kerst Wiersma, útnoege om mei harren in wike nei in ûnderkommen yn it Griene-Stjerplan by Ljouwert. It is dúdlik dat it doel is om dêr de blomkes ris lekker bûtendoar te setten. Omdat syn frou dat nea tastean soe, lit Peetsma him, dêr't syn frou en dochter by binne, opskilje troch syn klerk, dy't him útnoeget foar in belangrike notarissenkonferinsje yn Den Haach. De froulju binne mei dy útnoeging wakker fereare, al bliuwt it fansels spitich dat de frou net mei kin. Yn 'e rin fan dy wike komme der praatsjes dat de trijekaart yn Ljouwert oan 'e boemel west hat en dat behalven skea ek in pear fan harren yn it sikenhûs bedarre binne. Ut Den Haach wei wurdt dy wyks ek in kearmannich om jild frege en dat wurdt troch de klerk daliks oerstjoerd. As Peetsma op it lêst mei in skeinde holle wer thús komt en ek de beide freonen ferskine mei skonk en earm yn 'e wynsels, dan kin in moai ferhaal de mannen net mear rêde en wurdt ús notaris op syn kantoar troch syn frou efter de typmasine set. Hjir tuskentroch spilet dan noch in leafdesskiednis fan notaris syn dochter Teatske mei de klerk Sjoerd Berend, dy't mekoar oan 'e ein fansels krije. As type docht noch Tryntsje mei, in âldfaam, dy't de boekhâlding docht.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STELWAGEN, Tsjibbe
Titel: De trijekaart op 'e kofje
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1982
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4