De trochdraver
Maskeriljas is de feint fan Orantijn, dy't fereale is op Sofie, de oannommen dochter fan Traldijn. Maskeriljas moat Orantijn helpe om dizze Sofie oan de heak te slaan. Ek de frekkige Anselmus, de heit fan Hippolite, freget Maskeriljas om him te helpen om syn ferloofde Neryna oan de heak te slaan. De heit fan Orantijn, Pandolfus, wol him trouwe litte mei Hippolite. mar dit frommeske wol dat alhiel net omdat se sljocht is op Leander, in oare jongfeint. Ek Hippolite wurdt "holpen" troch Maskeriljas om Leander te krijen. As men alles op in rige set giet it de jongelju louter en allinne om de leafde en giet it de âlders om it jild. (wat se net hawwe en troch dizze houlikken faaks wol krije kinne). Maskeriljas is yn dit stik kompleet in keppeler, oftewol 'de Feint fan twa masters' en Anselmus 'de Vrek' Makeriljas wurdt sels noch de feint fan Leander om op dy wize dochs noch oan jild te kommen. Om alle fiten dy 't Maskeriljas úthellet om it al syn bazen nei 't sin te meitsjen soe wat te fier gean, wol is dúdlik, dat wat er ek úttinkt, syn baas Orantijn wit it altyd wer te bedjerren. Oan de ein sil Hippolite mei Leander trouwe en stiet Sofie neat mear yn 'e wei om mei Orantijn te trouwen. En sa komt alles op syn/har poatsjes te lâne.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MOLIERE, Jean-Baptiste |
Titel: | De trochdraver |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2004 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Vries, Wimpie de (bewurker) |
Oarspr. Titel: | L 'étourdi |
Ynfierdatum: | 2004-12-31 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 9 |