De Trochgong

It stik spilet yn de kofjekeamer fan De Trochgong, in gebou mei apparteminten foar âldere minsken, dy’t harsels noch rêde kinne. Op in dei wurdt ien fan de bewensters dea yn har appartemint fûn. De plysje docht ûndersyk nei har dea: wie it in natuerlike dea of soe se fermoarde wêze? Nei in skoftsje komt der in wat frjemde man yn it appartemint te wenjen. De oare bewenners ha harren twifels oer dizze man, hy is noch mar goed fjirtich, wat moat sa’n man hjir. Soe hy wol te fertrouwen wêze? It blykt de soan fan de ferstoarne frou te wêzen. Slagget it him om ryk te wurden omdat der wat ferdwûn is dat hiel goed fersekere wie?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: De Trochgong
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2017
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2017-09-03
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4