De tsien fan Fardou

Fardou hat in listke makke mei tsien 'geboaden': se sollisitearret net wer, se wol gjin peuken fan de buorlju oer de hage, der moat wat dien wurde oan de herje fan de biersûpers neist har hûs, de sosjale kontakten yn de strjitte en de wyk moatte better, de ferbouwing fan it hûs moat klear, har man Euwe moat yn in maatskip, har man mei net flikfloaie mei de buorfrou, Fardou wurdt de perfekte mem, Euwe moat ophâlde Fardou yn de tredde persoan oan te sprekken en Euwe mei net hieltyd 'leave' tsjin har sizze. Oan alle tsien geboaden wurdt yn dit stik hurd wurke mar se slagje net allegearre. Foaral de perfekte mem wurde, Fardou sil dochs earst yn ferwachting reitsje moatte.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: De tsien fan Fardou
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2013
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2013-06-16
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4