De tsien fan Foltsum

It hâlden en dragen fan ûnderskate minsken, byinoar yn in feestkomitee yn in lyts provinsjestedsje, om in hystoarysk barren te betinken. Men soe 't neame kinne: in karakteristyk fan dy ûnderskate figueren yn de omgong meiïnoar, dêr't de wize fan dwaan en litten en sizzen en swijen belangriker is as it ûnderwerp wêroer en de omstannichheden wêryn it barren pleats hat. Dit tema is útarbeide yn in tal gearkomsten fan it komitee. Der sil in optocht organisearre wurde, dêr't lykas eartiids it gewoane folk en soldaten foarinoar oer komme te stean. Dat ûnderwerp bringt mei dat der ek yn it komitee twa partijen ûntsteane en dat jout wer stof ta petear en aksje. Pas yn it lêste tafriel sjugge wy dan noch in stikje fan de útfiering fan it plan. Omdat yn dit stik it hóe folle belangriker is as it wàt, d.w.s. dat de wize dêr't it ûnderwerp op behandele wurdt, de betsjutting fan it ûnderwerp sels fier oerskadet, komt it winliken alhiel op 'e persoanen en harren karakters oan. Kinne dy wiermakke wurde, dan is it in hiel aardich stik, dat him by it publyk wol 'ferkeapje' litte sil.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): AYCKBOURN, Alan
Titel: De tsien fan Foltsum
Skreaun yn: 1977
Utjoen yn: 1980
Te keap: 1
Oersetter: Westra, B.
Oarspr. Titel: Ten times table
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6