De tuskendoar
Yn dizze ienakter, dy 't út in tal tafrielen bestiet, dy 't somtiden in pear jier útinoar rinne, komt de hate ta utering tusken in skoanmem en har skoandochter. Dy hate wurdt foar de skoandochter suver ta in obsesje. It slimste is, dat gjinien fan de famylje, begryp foar har geastlike need opbringe kin. Ek nei de dea fan it âld minske wurket dy obsesje noch troch.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SEVENSTER, Simy |
Titel: | De tuskendoar |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1988 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-10 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 2 |