De ûnderkrûpers
Durk en Aukje, Jelle en Petra kampearje yn'e bosk. De jonges ha it toverfluitsje fan de boskfamkes fûn, mar witte net hoe't it brûkt wurde moat. Petra ûntnadert it har, Aukje rekket fuort. de "ûnderkrûpers, dy't ek efter it fluitsje oansitte, dogge in poeier yn it drinken fan'e bern. De jonges drinke derfan en reitsje yn'e macht fan de ûnderkrûpers. Mar Petra slagget it om frij fan har ynfloed te bliuwen. Yn it twadde bedriuw sitte de ûnderkrûpers wakker efter Petra en it fluitsje oan, mar dy binne elk te snoad ôf. Sa brekt de boskfee mei har famkes de betsjoening en komt alles wer goed. In bulte aksje en humor dy't de bern grif oansprekt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WALSTRA, P. |
Titel: | De ûnderkrûpers |
Skreaun yn: | 1981 |
Utjoen yn: | 1981 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-16 |
Dekor: | |
Omfang: | Net jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 10 |
Tal manlju: | 10 |