De útbrekker

As Els Straatsma, in bekend skriuwster, op in stuit thúskomt, dan docht bliken dat in frjemde man by har yn 'e hûs tahâldt. Hja komme ta in petear en dêryn fertelt de man, dy't der as in skoaier útsjocht, dat er út de finzenis brutsen is en dat er in oppasser delslein hat. Hy siket no ûnderdak by har. Els docht op in stuit in ûntdekking, want hja ken dizze man en dat makket de sitewaasje foar har gâns makliker. Hja nimt dan de lieding fan it fierdere ferrin en lit him in boek sjen, dêr't syn foto op stiet as skriuwer en fan dyselde skriuwer hat se noch mear boeken yn 'e kast. Hja leaut dan ek neat fan syn ferhaal dat oer in kertier de sirenes gean sille, as hja by de finzenis by it ôflossen fan 'e wacht syn fermissen gewaar wurde sille. En as hja ferûnderstelt dat it him te rêden is om op dizze wize tagong te krijen by har foar in petear foar de krante, dat hja oan net ien tastean wol, dan lit hy skine dat soks goed troch har oanfield is. Hy lit dan blike dat se him persoanlik net ûnferskillich is, mar dêr giet se net op yn. As er op it lêst ôfset en syn pet ferjit, ropt se him werom. Op dat momint skuort it lûd fan de sirene troch de loft en bliuwt se wat ferwêzen efter...

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LAMBOO, A.B.M.
Titel: De útbrekker
Skreaun yn: 197?
Utjoen yn: 1980
Te keap: 1
Oersetter: Knol, Jan
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-15
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2