De útfanhûzer
Robert Drury is in bekende filmstjer en syn frou Stella is in bekende aktrise. Se binne beide mâl mei harren soantsje Mike. Robert nimt him mei nei Rome at er dêr prate moat oer in nije film. Krekt at Stella yn petear is mei in sjoernaliste, komt Robert ûnferwacht thús, mar sûnder Mike. Ferbjustere heart Stella dat har soan ûntfierd is. Al rillegau komt majoar Crozier by harren thús. Hy freget gjin losjild, hy wol allinne twa dagen by harren útfanhûzje. It wurdt noch frjemder at Crozier delstutsen wurdt troch ynspekteur Burford, dy't gjin ynspekteur blykt te wêzen, mar dy't itselde wol as Crozier: twa dagen útfanhûzje. Wêrom wolle dizze minsken allegearre itselde? Robert Drury mei in koarte besite oan syn soantsje bringe, mar wurdt dêrnei opsletten. Dan komt syn dûbelgonger Henderson en tegearre mei Stella moat er nei New York om in opdracht út te fieren. Krekt foardat se fuort geane docht bliken dat Burford troch in tûke set fan Robert oppakt wurde kin.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DURBRIDGE, Francis |
Titel: | De útfanhûzer |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2009 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hoekstra, Tineke |
Oarspr. Titel: | The house quest |
Ynfierdatum: | 2009-06-16 |
Dekor: | ien, wenkeamer |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |