De waarmmielrinner
It giet mar mâl by direkteur Wiger de Bruin thús. Syn frou siedt it iten op bestel en hat dêrta har keuken oanpast sels mei eigen telefoan en alarm, sûnder dat hy der weet fan hat. Har buorfrou springt sa no en dan by en ek soan Gerard sit mei yn it komplot en stekt by need ek de hannen út'e mouwen. It giet lang goed oant Wiger-sels in waarm miel bestelt en dan komt de moard út fansels. De froulju binne lykwols net ferslein, sy hawwe noch in aardichheidsje achter de hân: safolle oandielen kocht fan it bedriuw fan de manlju dat sy der no sizzenskip oer ha.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | CALSBEEK, Jan |
Titel: | De waarmmielrinner |
Skreaun yn: | 1998 |
Utjoen yn: | 1998 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-14 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Net jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |