De wachtkeamer

De Vries komt hieltyd del op de earste helppost om 't er mient dat er in slimme sykte ûnder de lea hat. Hy moat holpen wurde, mar net ien harket nei him. Syn frou is koartlyn, yn it selde sikehûs, oan kanker stoarn. Sa no en dan komt sy, as in skynsel del. De oare pasjinten hawwe dúdlike kwalen en krupsjes en wurde al holpen. De Vries net. Hy liket him te hechtsjen oan it plak dêr't syn frou it alderlêst west hat. Gerben, de sjarmante, madzjo ambulânse broeder, nimt him net echt serieus. Gerben siket Maaike, resepsjoniste, geregeldwei op en besiket it mei har oan te lizzen. Hy is ûnwis yn 'e leafde, ek om't syn frou in saneamde swinger is. Hy kin der ferhipte min oer dat Maaike in spesjale bân mei De Vries opbout en nimt wraak.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KUIPER, Elmar
Titel: De wachtkeamer
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2016
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2017-01-06
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 7