De wachtkeamer

Tema: wachtkeamerpraat (yn dit gefal by in 'helderziende'). Yn de wachtkeamer sitte: in boekhâlder fan 60 jier, in folksfrou fan 45 jier en in betonarbeider fan 50 jier. Ek in skoaljuffer, dy't wat apart sit, en 30 jier âld is, heart ta it selskip. As it begjint lit in foech fanke, dat de pasjinten der yn lit, in grouwe boer troch de doar en dan is it selskip kompleet. It praat giet lykas yn alle wachtkeamers oer kwalen fan oaren, wylst de eigen skelen leafst ferswijd wurde, al besiket de ien wol efter de oare sines te komen. As "mefrou" thús is, komt earst de skoaljuffer oan bar en dan de boekhâlder. De boer duorret it te lang, sa't er seit, bliuwe oer de folksfrou en de betonarbeider. De frou bekent dan oan de man, dat har ta oplossing fan har iensumens in kontakt yn 'e wachtkeamer yn útsicht stelt is. Hja wol dan de arbeider ek mar foargean litte. Dy seit dat it ek bêst de stasjonswachtkeamer wêze koe. Dan set de frou as de blinder ôf om in perronkaartsje.....

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BISCHOT, Wim
Titel: De wachtkeamer
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter: ?
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-15
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3