De Winskspreuk

Prinses Lyske krijt op har 10 e jierdei in spesjale ring fan de feeën. Mei de ring en in winskspreuk kin se alles winskje wat se mar wol. Mar de kweade fee, Ka Ef, wol graach de ring. Sy stelt de ring en ûntfiert Lyske om efter de spreuk te kommen. Sadat sy him brûke kin om mei prins Casper, dy’t no in Draak is, te trouwen. Foar in beleanning fan 5000 daalders en of trouwe mei prinses Lyske, sykje in prins, in ridder en in tsjinstfaam om Lyske. Sa komme se yn de tovertún mei in riedsel fan de blommen om der wer út te kommen. En moatte se oppasse foar de kweade fee, Ka Ef, dy’t elkenien yn bisten feroaret. En komme se de gemiene boskmantsjes tsjin dy’t mei Lyske trouwe wolle. Mar úteinlik is it Lyske dy’t har sels befrijt, is prins Casper net mear in draak en wurdt de kweade fee de beste fee.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CNOSSEN, Aly
Titel: De Winskspreuk
Skreaun yn:
Utjoen yn:
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2023-07-02
Dekor: kastiel en tûn
Omfang: 36 siden
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4