De wrâld is in boarterstún

De sjippefabrikant Skuringa mist op in stuit f. 2.000,00 fan syn buro. De fertinking falt op Jelmer, ien fan 't kantoar, mei om reden dat er de lêste tiid nochal wat oanskaft hat. Skuringa wol perfoarst net de plysje der yn behelje, dat soe syn saak yn opspraak bringe. Hy docht it ôf troch Jelmer ûntslach oan te sizzen. Troch syn siktaresse wurdt it gefal lykwols buorkundich makke. Dit is dreech foar Jelmer, mar benammen foar syn frou. Sy wol it der net by sitte litte en ûndernimt, tsjin it sin fan Jelmer, stappen om de saak ta klearrichheid te bringen. Om de wierheid boppe wetter te krijen freget se skieding oan. Foar de rjochtbank oer sil se dan de mûle wille jaan oer de saneamde stellerij fan har man. Safier komt it lykwols net, Vlieger, in kollega fan Jelmer woe syn baas ris in leske jaan foar syn rûgens en hie it jild oppakt, mar ja, wêre.... It seit himsels dat der hiel wat ôf hottefile wurdt foardat elk mei oar wer yn frede libje kin.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BENDER, Ludwich
Titel: De wrâld is in boarterstún
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 1989
Te keap: 1
Oersetter: Palstra, Sjoerd
Oarspr. Titel: Mein Mann, der Dieb
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor: 2
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3