De ynbylde sike
De âlde Argan hat him ynbyldet dat er deasiik is. Syn frou Béline docht har bêst om dit gefoel noch te fersterkjen. Se hat belang by syn jild en hellet dêrom noch in pear dokters yn 'e hûs om by Argan de panyk noch grutter te meitsjen. Argan hat grut respekt foar de medisi en jout ien fan harren, Diafoirus, tastimming om mei syn dochter Angélique te trouwen. Angélique wol net, sy is fereale op Cléante. Dan komt de tsjinstfaam mei in moai plan: Argan moat dwaan oft er ferstoarn is. Sa komt hy te witten hoe't de famylje reagearret; Angélique is ferslein, mar syn frouw is bliid. Foar Argan is no alles dúdlik. Hy nimt ôfstân fan syn frou en lit Angélique mei Cléante trouwe, wol op de betingst dat Cléante foar dokter leart. Ien fan de bekendste stikken fan Molière dat lykas de measte blijspullen fan dizze skriuwer al sa'n trijehûndert jier repertoire hâldt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MOLIERE, Jean-Baptiste |
Titel: | De ynbylde sike |
Skreaun yn: | 1673 |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | Le malade imaginaire |
Ynfierdatum: | 1998-04-17 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 8 |