Deagewoan yn ‘e sinne

Maria, sit al moannen allinnich opsluten yn in sel. Offisjeel wit se net werom, mar se tinkt dat it is omdat se de freondinne is fan in saneamde opstanneling. Op in dei kriget se selskip fan de slim tamtearre frou Lea. Se fertelle wat der mei harren bard is. Derby wit Maria fan neat, dy wit allinne fan it fredige libben yn har doarp. hja hat gjin weet fan polityk. Lea wol. Dy fertelt fan it plein yn'e stêd der't sa 'n protte memmen op harren bern stean te wachtsjen. Meastal om 'e nocht, want de soan of dochter is al lang wei. Lea wurdt dreaun troch hate tsjin it regear. Dêrom moat en wol se hurd bliuwe, mar dat falt har net maklik yn it selskip fan Maria. Se fertelt Maria fan alle freeslike dingen dy 't se sjoen hat, dat se dêrom doch hurd bliuwe moat. Maria besiket har te treastjen en hat it oer leafde en hoe 't sy alle dagen thús yn 'e sinne siet. Elk bliuwt sa 't se is, mar elk hat wol respekt foar de oar.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): VEEN, Ger van
Titel: Deagewoan yn 'e sinne
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2005
Te keap: 1
Oersetter: Krist, Abele
Oarspr. Titel: Doodgewoon in de zon
Ynfierdatum: 2005-12-29
Dekor: in sel
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2