Der leit in man op ‘e strjitte
Tema: swierrichheden yn 'e leafde troch stânsferskil en maatskiplik komôf. Annet is de dochter fan in bankdirekteur. By harren thús hat mem de leie en heit hat him dêr troch de jierren yn skikt. Annet hat dat ek moatten, mar no't se mearderjierrich wurden is, hat se in flatsje hierd en is it hûs út gien. De earste jûn dat se dêrhinne sil, is se tsjûge fan in fjochtpartij yn 'e stêd. As se dêr by komt, sette twa manlju ôf en bliuwt der in jongfint lizzen. Dy helpt se en se nimt him mei nei har flat om him dêr fierder te fersoargjen. De oare deis docht bliken dat de bank fan har heit bestellen is en se hat al gau troch dat de persoan dy't se yn 'e hûs hat, dêr wol ris mei fan dwaan ha kin. Sa njonkenlytsen ûntstiet der in petear tusken de jongkeardel en har, mar botte tasjitsk is er net. Hoewol't se troch de kontakten dy't se bûten de doar hat, ien en oar oer him en syn praktiken oan 'e weet komt, mei se him hiel wol lije en beskermet him tsjin alles wat tsjin him is. Omdat hy it jild ûnder him hat, duorret it net lang of de maten fan de ynbraak komme del, warskôge troch Loeloe, in frommeske fan 'e flakte, dêr't er gedoente mei hat. Syn maten driigje him dat harren baas, de âlde, fanwegen komme sil as er net mei dat jild op 'e lappen komt. Dat Annet ek wol wat yndruk op Jan makket, docht bliken as er Loeloe ôfstegeret en langer by har hingjen bliuwt as foar syn krupsje nedich is. Ek wurdt it bedrach dat der by de bank stellen is, troch in ûnbekendenien werom brocht. As yn 't lêstoan Annet oan Jan har leafde bekent en Jan him tsjin himsels ferset en de doar út gean sil, dan komt de âlde en hy wit dat it syn heit is, en sjit syn soan yn it boarst.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | LAU, Cees |
Titel: | Der leit in man op 'e strjitte |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Tuinman, Anne |
Oarspr. Titel: | Jan en Annet |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 5 |