Dizze frou is jo man

Annie Zuiderhorn, dy't jierrenlang allinne mei har dochter wenne hat, is hals oer kop fereale wurden op Pierre Reijnders. Se is him tsjin it liif rûn op in kamping. Al hiel gau is Pierre by Annie ynlutsen en hy wennet no al trije moanne by har thús. Dochter Amanda moat neat fan Pierre ha en de sosjale tsjinst mei neat fan Pierre witte. Oars komme de útkearingen fan Annie en Amanda yn gefaar. Dus kinne de buorlju it ek mar better net witte. Tsjin harren is sein, dat Pierre de broer fan Annie is, dy't wat yn de lapekoer sit troch in sykte dy't er oprûn hat yn de tropen. Net ien wit dat Pierre al mei in oare frou troud is. As der kontrôle fan de sosjale tsjinst komt, is elkenien wol ferplichte om de kontroleur foar de kroade te riden. Sels Amanda!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): TOL, Jan
Titel: Dizze frou is jo man
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2010
Te keap: 1
Oersetter: Stavinga, Baukje
Oarspr. Titel: Deze vrouw is uw man
Ynfierdatum: 2010-12-23
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3