Do silst libje
Om't Saloman Perel( sprek út Pèrèl) him de lêste tiid tryst fielt en lêst hat fan sliepelezens, rieplachtet hy in psychiater. Oan dizze psychiater, dokter Heinz Tauber, fertelt hy syn libbensferhaal. Hy fertelt hoe't hy as Dútske Joad op syn flecht nei it easten yn in Russysk weeshûs telâne kaam. Under it bombardemint moatte hy en oare weesbern flechtsje en falt Sally yn hannen fan de Dútsers. Op de fraach fan in Dútske Offisier oft hy Joad is, andert Sally mei nee en seit dat syn namme Jupp Perjell is. Fan dat stuit nimt Sally's libben in bizarre kear. Om't er floeiend Russysk prate kin wurdt hy nei it front stjoerd, wer't hy as tolk ynset wurdt. Op foarspraak fan in hege Dútske offisier komt hy telâne yn de Hitlerjongereinskoalle yn Braunschweig. Hjir hâldt er fjouwer jier ta, sûnder dat de skoallelieding en syn meilearlingen derefter komme dat hy in Joad is. It is in trochrinnend alert wêzen om net ûntdekt te wurden en nei ferrin fan tiid wurdt it foar Sally swier om de beide persoanlikheden yn himsels in plak te jaan. Jierren letter kampet Salomon noch altyd mei in persoanlikheidsfersteuring en moat de Joad Salomon Perel noch altyd libje mei de Hitlerjonge Jupp.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SLOTBOOM, Carl |
Titel: | Do silst libje |
Skreaun yn: | 2001 |
Utjoen yn: | 2003 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Veen, Piter van der |
Oarspr. Titel: | Je zult leven |
Ynfierdatum: | 2004-01-08 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 5 |