Dobber en de van Gogh
Tseard Bearsma, alias Tseard Dobber, wurdt as keunstskilder net erkend, hy rekket syn wurk oan'e strjitstiennen net kwyt. Yn in oerspande rite stelt er in echte Van Gogh en dy skildert er sa goed nei, dat faklju it amper fan de echte Van Gogh ûnderskiede kinne. De plysje krijt Tseard wol te pakken, mar se krije net út him wêr't er it skilderij litten hat. Sadwaande wurdt er foar observaasje opnaam en dan moat de dokter dy't him behannelet besykje om fan him gewaar te wurden wêr't it kostbere doel bleaun is. Nei in soad brike sitewaasjes, dy't al linkendewei erkenning foar Tseard opsmite, giet er troch de bocht. Foar wa't ris bûten de bewende paden gean wol, is dit stik in útdaging. ## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KUIPERS, J. |
Titel: | Dobber en de van Gogh |
Skreaun yn: | 1991 |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | nee |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-25 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |