Doe’t Maartsje kaam
It stik spilet him ôf yn 'e wenkeamer fan de famylje Notaris Kolstee jr.: heit, mem en soan Gerlof. Pake Kolstee, al sûnt jierren widner, eartiids ek notaris op it selde stee, wennet by harren yn. Yn tsjinstelling ta syn min of mear âldstilige soan, tilt Kolstee senior net sa swier oan it libben, alteast dêr giet er troch syn deistige dwaan en litten foar troch, en dat 'plaatsje', libbensgenieter en allemansfreon (benammen fan froulju) te wêzen, liket er him ek op foar te stean. As bliken docht dat - neffens ynformaasjes fan 'maatskiplik wurk' - Maartsje troch de tsjintwurdige notaris Jehannes Kolstee in tweintich jier lyn om fierrens op 'e wrâld set is, slacht dy tiding yn as in bom, net allinne by syn frou, mar foaral by de soan, dy't syn takomstferwachtingen yn reek opgean sjocht: Maartsje soe eins syn bloedeigen suster wêze en dus...... As Pake nei gâns trelit in doekje iependocht fan in ferhâlding eartiids, sonder te witten fan 'e gefolgen en dúdlik wurdt dat troch namme-ferwikseling de 'skuld' oan notaris jr. taskreaun is, stiet de jongelju wetlik neat mear yn 'e wei om de lapen byelkoar te smiten, alteast as se der foar soargje dat der gjin neiteam komt. Mar Pake syn iepenhartigens giet fierder: wat foar syn soan oantnota stilhâlden is, wurdt him no te witten dien: hy is as fûnling destiids it notarishûs ynhelle en hat sadwaande wòl de namme Kolstee meikrigen met net it bloed. Mei dizze ferklearring reitsje alle beswieren fan 'e loft om romte te meitsjen foar gelok en frede.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | EDELENBOSCH, Nico |
Titel: | Doe't Maartsje kaam |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1983 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Beintema, Tabe |
Oarspr. Titel: | Opa is een bon-vivant |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |