Don Ton
Kees in jonge boer, hat it wol sjoen yn Fryslân en wol emigrearje. As dizze plannen, dy 't oant no ta allinnich noch mar bekend binne by him en syn frou Yvonne, útlekke binne de rapen gear. Want suster Carla wachtet al jierren op in houliksoansyk fan har freon en postboade Peter. Dus fan fuortgean kin wat har oanbelanget gjin sprake wêze. Ek Dien, de mem fan Kees, sjocht it hielendal net sitten. se wennet goed en mei har sjocht ek buorman Gerrit leaver dat alles by it âlde bliuwt. Nettsjinsteande liket Kees syn plannen troch te setten en komme Tonny en Janita, twa asosjale typen, as keapers op it aljemint. No ja...keapers, earst wolle se in skuorre hiere, letter keapje se wol eefkes de hiele brut... sizze se. Om it naderjende ûnheil te kearen betinke Carla en Dien in plan. As dan Anny en Sanny, twa leden fan de pleatslike sjongferiening, ek noch ynteresse toane yn deselde skourre nimt de saak in oare draai sûnder dat de meast oanbelangjenden dit yn 'e gaten hawwe. Ek it plan fan Dien en Carla rint net lykas ferwachte. Of de plannen trochgean, en mefrou Tinselboer fan it emigraasje bemiddelingsburo saken dwaan kin sil pas oan it ein dúdlik wurde...Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHEPERS, Jos |
Titel: | Don Ton |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2006 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Krist, Abele |
Oarspr. Titel: | Don Ton |
Ynfierdatum: | 2006-07-05 |
Dekor: | 1dekor, bûten om 'e pleats |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 7 |
Tal manlju: | 4 |