Dûbel ferhierd

Van Dusum en de frou, dy't in grut hûs bewenje, beslute om de boppe-etaazje te ferhieren. Op har advertinsje komme twa gadingmakkers del: earst ferhiert de frou de keamer oan Bruno Palstra en tewyl't se der even út is te boadskipjen, ferhiert van Dusum deselde keamer noch ris oan Leny Katsma. Net ien fan beiden wol tajaan en it draait der op út dat elk in helte fan 'e keamer kriget en elk in sliepkeamer mei massaal gebrûk fan de keuken. Dan binne se it wer iens, mar bytiden ek slim oniens. Hawar, om koart te kriemen, oan 'e ein krije se elkoar dochs. Dêr tuskenyn spylje de kontakten dy't se hawwe mei de hear en mefrou van Dusum. Hja is gau bang dat har man oanhâld siket by it frommeske fan boppen en har man is tige slij nei drank, dat him dêr boppe nochal ris oanbean wurdt. In lichtfuottich gefal, mei gâns spylmooglikheden, dat fiif betûfte minsken freget.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HIJDRA, Frans
Titel: Dûbel ferhierd
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1982
Te keap: 0
Oersetter: Tasma, Gerrit
Oarspr. Titel: Geen reis naar de zon
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: wente
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2